05/09/2026
60 jier FC Birdaard 1966 – 2/3 oktober – 2026 V
Hjir hoege jimme jim net lang op om te stinnen op de fraach hokker FC Birdaard-spiler-yn-‘e-dop dit is. Hy sjocht der hjoed-de-dei in tikje minder ûnskuldich út mar is yn wêzen net in sprút feroare. Hy makket al jierren diel út fan it stjerrenensemble fan de FC. Wy hawwe it fansels oer Wilco van Kammen.
Yn 1996 hie de Nieuwe Dockumer Courant in rubryk yn ‘e krante dy’t fersoarge waard troch fotograaf Alex ‘trepke’ Bouma fan Sibrandahûs en Wilco wie juny 1996 de Sjaak.
De rubryk hiet fan Minsken … in foto mei in in pear rigels. Alex makke ûnderweis nei wer in folgjend nijsitem, willekeurich in foto fan ien dy’t er ûnderweis trof en dy kaam dan yn dizze rubryk. (No ja willekeurich, it foel elkenien ek wol op dat Alex gauris jonge, knappe famkes foar de lens hien..).
Dit wie de tekst by Wilco syn foto:
Wilco van Kammen, 6 jaar, woont te Genum,
Wilco is een druk baasje dat graag stoeien mag, is gek op voetballen (Ajax!) en trots op zijn Friese klompen. Hij zit in groep drie van de CBS te Reitsum maar gaat in het kermisseizoen naar de rijdende school. Hij wil later, net als zijn vader, draaimolenbaas worden …
Sa’t ik skreau, Wilco spilet al lang yn it earste fan de FC Birdaard spile en is mooglik dêryn wol de spiler dy’t yn al dy jierren de bal it koartste yn syn besiit hat. Wilco is nammentlik net in man fan babbelegûchjes, fan de hakjes, skynbewegings as fan moaie en fijne passearbewegings. Nee Wilco is recht-toe-recht-aan. It wurdsje ‘subtyl’ stiet net yn syn wurdboek. Meast stiet er foarstopper, bal foar de poat en fuort dat kring, sa fier en sa hurd mooglik fan it Burdaarder doel ôf. Der wiene wol minsken dy’t seine dat docht er omdat er gjin fertrouwen hat yn de keepers fan de FC. Der sit ek gauris in stik skonk fan de tsjinstanner tusken m en dat leveret Wilco ek geregeld in giel printsje op. Dy wurde dan sûnder fierder geëamel akseptearre. It faak op it goede plak stean, it betrouber en deechlike ferdigjenen. It binne de kwaliteiten fan in goede foetballer, dat ferjitte de minsken wol ris by it beoardieljen fan Wilco. Allinnich Wilco hat in hekel oan dat rûne kring (dêr’t it by dit spultsje eins wol om draait) dat er it leafst sa gau en sa fier mooglik fuortskopt. Dat dus.